Laden Activiteiten

Voorganger: ds. T. Osinga uit Franeker

Bijzonderheden: Fryske Tsjinst

Oarder foar de earetsjinst te hâlden op snein 1 oktober 2023
yn de Sint Piter fan Oerterp (9.30 oere)

* Oargelspul: Allein zu dir, Herr Jesu Christ  J.S. Bach
* Wolkom út namme fan de tsjerkeried

TARIEDING

*Oanfangspsalm:            ‘Us heil, ús rots, is God de Hear’ Psalm 95: 1 en 2  (sa mooglik steande)

Us heil, ús rots, is God de Hear,
brek út yn jubel ta syn ear,
lit ús mei lof syn antlit moetsje!
Kom, hef no bliid de lofsang oan
en wol Him yn de iere moarn
mei freugdepsalmen bidden groetsje.

De Hear is grut, in hearlik God,
dy’t giet oer minsketiid en – lot,
in kening, grut bopp’ alle goaden;
it djipst fan d’ierd’ is yn syn hân,
Hy hâldt de heechtste bern yn stân,
de wrâld bestiet by syn geboaden.

*Bemoediging, drompelbea en groetenis
*Sjonge:                             ‘Us heil, ús rots, is God de Hear Psalm 95: 3
(sa mooglik steande)

De wide seeën binn’ fan Him,
Hy hat se skepen mei syn stim,
syn hannen foarmen ek it drûge.
Kom, lit ús ta de Heare gean,
earbiedich foar ús skepper stean
en biddend foar syn antlit bûge.

*Kyriegebed
wêrop antwurde wurdt mei it sjongen fan it Glorialiet:

‘Sjong fan de Heit’– Liet 304

Sjong fan de Heit, Hy dy’t yn ’t grut begjinnen
de minsken skoep, de bisten en de dingen,
himel en ierde, wol Him hulde bringen:
hâld Him yn eare!

Sjong fan de Soan, it ljocht dat ús skewieliet,
boarne fan lok foar wa’t syn wurd besielet,
gean ôf op Him, de stjer dy’t oer ús strielet:
hâld Him yn eare!

Sjong fan de Geast, de azem fan it goede,
duorsume krêft dy’t ús sa lang al noede.
Wêr’t wy ek geane, wy binne yn syn hoede:
hâld Him yn eare!

TSJINST FAN IT WURD

* Gebed bij de iepening fan de Skriften
* Lêze út de Skriften:     Filippiërs 2: 1-13
* Sjonge:                            ‘Fan ’t wurd dat wie yn it begjin’ – Liet 488: 1, 2 en 3

Fan ’t wurd dat wie yn it begjin
klonk hjir op ierd’ aloan de stim
dy’t sprekke wol ta elke geslacht.
Hy waard hjir berne yn ‘e nacht.

Hy waard hjir berne yn’e nacht
dy’t oait it ljocht rôp mei gesach,
dy’t sinn’ en moann’ oan bannen leit,
Hy is de Hear, Hy waard in feint.

Hy is de Hear, Hy waard in feint,
op Him wurd’ alle lêsten lein,
Hy wennet midden yn it kwea,
Hy troanet yn ús lege steat.

* Lêze út de Skriften:     Matteüs 21: 23-32
* Sjonge:             ‘Fan ’t wurd dat wie yn it begjin’ – Liet 488: 4 en 5

Hy troanet yn ús lege steat
dêr’t al wat libbet wurdt ta neat,
Hy kaam, gjinien woe nei Him sjen,
dit ljocht dat by ;us kaam as bern.

Dit ljocht dat by úss kaam as bern
is God dy’t ús by namme ken,
op ierde klinkt oant hjoed de stim
fan ’t wurdt dat wie yn it begjin.

* Ferkundiging
* Oargelspul: Meinem Jesu las ich nicht  O. Dienel
* Sjonge:                            ‘Leafde, godlik, ûnbemetten’ – Liet 754: 1 en 3

Leafde, godlik, ûnbemetten,
mear as alle leafd’ op ierd’;
kom, hâld yntocht yn ús herten,
leafde dy’t ús langst ferstiet.
Jezus, ien en al ûntferming,
kom omleech yn ús ferlet,
lit ús libj’ yn jo beskerming,
kom en wenje yn ús hert.

Wol jo wurk oan ús foltôgje,
meitsj’ ús rein en meitsj’ ús frij,
oant wy skielk in wrâld oanskôgje
net mear skeind, mar geef en nij,
oant w’in ivich wenplak fine
en wy mei ús gouden kroan
foar jo antlit, Hear, ferskine
en dy lizze foar jo troan.

TSJINST FAN DE GEBEDEN EN JEFTEN

* Gebeden
ôfsletten mei it bidden fan it ‘Ús Heit’

Us Heit yn’e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t wy ek ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersyking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want jowes is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen.

* Slotliet:                            ‘Wy gean mei jo segen’ – liet 425

Wy gean mei jo segen bliermoedich ús wegen,
jo wurd fan omhegen joech ús nije moed.
Hy dy’t ús behâld is, it ljocht fan’ e wrâld is,
wol waarmje wat kâld is mei syn leafdegloed.
Wat Kristus ús learde is sied ta bekearing,
wy siedzj’ it op ierde em wachtsj’ op wat komt.
En ûnder de hoede fan Him dy’t ús stjoerde
sill’ leafde en goedens aanst dije rûnom.

* Seine

                dy’t wy beantwurdzje mei in songen: ‘Amen, amen, amen’.