Laden Activiteiten

M.m.v.: Cantate Kwartettekoar

Organist: Jannie Oostingh
Collecte: Diaconie (KIA, Werelddiaconaat) / Kerk

U kunt de dienst ook online volgen door hier te klikken.

Snein 6 oktober sjongt it Kwartettekoar yn De Mande

         

De hertslach fan in stjer
Kantate oer it ljocht
Dat altyd socht hat om ús lok

In stjer mei bevend en klopjend hert
Hoop is een attitude;
Het goede nieuws: die kun je aanleren.
(Stefan Hertmans)

Hoop as libbenshâlding

De ierde is yn lêst en de wrâld fierder fan hûs as oait. Do silst mar leauwige wêze yn dizze tiid, goed opbrocht yn geloof, hoop en leafde. Foar in protte minsken mear ballêst as befrijing. En likegoed betsjut hoop noch wat yn de gloednije kantate De hertslach fan in stjer fan Eppie Dam en Jan de Jong. Utfierd troch de betûfte sjongers fan It Kwartettekoar û.l.f. Feike van Tuinen.

Sa’t we Eppie Dam as lietdichter kenne, komt net alle seine hjir fan boppen. Krekt oarsom, it begjint altyd ûnder. We moatte gjin wûnders ferwachtsje, behalve fan ússels. Net om ’e nocht stiet boppe de ynlieding op de kantate in sitaat fan de Flaamse auteur Stefan Hertmans: ‘Hoop is een attitude; het goede nieuws: die kun je aanleren.’ Hoop as libbenshâlding.

Yn acht lêsteksten en acht lieten wurdt fan de hoop noch wat makke. Net tsjin better witten yn, want better witte wij. De stjer út ljocht ûntstien sprekt fan leafde mei bevend en klopjend hert. Moaier kin in mins geloof net meitsje.