Verkoop kerk Siegerswoude

Op 23 november jl. om 16.30 uur waren we als voltallig college van kerkrentmeesters, met makelaar Halbe Boersma en notaris Anna de Vries, bij elkaar in het Teehûs.
De brieven m.b.t. de openbare inschrijving voor de kerk van Siegerswoude werden één voor één geopend door de notaris. In totaal waren er 17 enveloppen binnengekomen. Een heel scala aan biedingen, minder serieuze, maar ook uitvoerig uitgewerkte, passeerden de revue. Unaniem hebben we als college besloten de gunning te verlenen aan Date Boekema en Janneke Haisma uit Ureterp. Zij willen de kerk o.a. gaan gebruiken als trouwlocatie en op langere termijn op het perceel gaan wonen.
Als kerkrentmeesters hebben we gemengde gevoelens bij de verkoop van deze kerk. Aan de ene kant en goed gevoel bij de gevolgde verkoopprocedure, aan de andere kant een gevoel van verlies van een voor velen dierbaar en vertrouwd gebouw. Een kerkgebouw is nu eenmaal meer dan een stapel stenen, het is een ruimte van stilte, bezieling en ontmoeting. Dat gevoel van gemis zal tijd nodig hebben om te slijten. Op 16 december jl. hebben we tijdens een indrukwekkende dienst de kerk’ ’buiten gebruik gesteld”.
Namens het college van kerkrentmeesters,
Wiebe Veenstra

16 desimber 2018

De Jabikstsjerke fan Sigerswâld krige
destiids fierste min ûnderhâld.
Dy wie der op ’t lêst sa min oan ta,
dat hja har kultureel erfguod ôfbrutsen ha.

De lofsang moast al fierder gean.
Oan ’e Binnenwei kaam in nij tsjerkje te stean.
In boerd op ’e gevel mei Gysbert Japiks’ bea:
Hear, wiis ús de wei, dan ferbjusterje wy nea.

It twadde tsjerkje wie gjin lang libben beskern.
It gong ûnferwachts yn ’e flammen ferlern.
Fan de tegelspreuken oan ’e muorren bleau ek neat oer,
alles gong teloar yn ’t ferneatigjend fjoer.

Noch bleau Sigerswâld syn ropping trou.
As in Feniks ferriisde in tredde gebou;
wer in hûs foar de lofsang ta Gods eare
en om Gods sillige wei te learen.

Mar klimt dan no de dea troch de ruten?
Hoe komme wy sa dom, dizze timpel te sluten?
Hy is net oanein, ek net troch flammen fertard.
Ik begryp net, wêrom’t dit no allegear sa moat.

Ik wit wol, hout en stien, dêr sit it net yn.
God tsjocht foar syn folk út, ek troch de woestyn
mei de wurden dy’t wize de sillige wei,
in fjoerkolom by nacht, in wolken by dei.

Dochs docht it ôfskie nimmen ús sear –
op dit stee ek al gjin lofsang mear,
gjin wurd dat ús oantreast, Gods wei te gean
en yn it ljocht fan syn leafde te stean.

Tûke rekkenders kamen ta in beslút:
trije tsjerken ûnderhâlde, dat kin net mear út.
Mei ’t ferstân kin ’k it folgje, mar net mei myn hert,
dat komt as it nypt noch altyd yn ferset.

Hindrik J. Brouwer