PINKSTERLIET

 Wy libje fan de wyn
dy’t oankomt fan omhegen,
dy’t giet troch ’t hiele hûs
dêr’t minsken nei him freegje,
dy’t trochkringt yn it hert,
yn it ferhoalen hôf
en útbrekt yn in liet
dat opstiicht ta Gods lof.

Wy diele yn it fjoer
dat delstrykt op ‘e hollen,
dy ljochte fonkerein
op har dy’t leauwe wolle.
Fjoerfûgel fan de floed,
do boppe de Jordaan,
fersterkje yn ús de gloed
om fjoer oan ’t feest te jaan.

Wy tarre op it wurd,
It brea dat God ús jûn hat,
en diele it rûnom út
oant elk nij libben fûn hat,
Ferswij dit boadskip net,
mar strui mei golle hân
dit manna foar elks hert,
it brea foar alle lân.

Tekst Jaap Zijlstra – Wij leven van de wind
Oersetting: Cor Waringa (liet 687)