Het Avondmaal

De Protestantse kerk van Nederland heeft onlangs een brochure naar de gemeenten gestuurd over het Avondmaal. Collega Brouwer heeft de brochure gelezen en de volgende woorden geschreven over de betekenis en beleving van het Avondmaal.

IT MIEL FAN ÚS HEAR.
Der is my frege wat te skriuwen oer it miel fan ús Hear.
It hillich nachtmiel sa’t wy dat op fêste tiden ek yn ús gemeente fiere.
Wat is dêr de betsjutting fan?
Ik tink dat gemeenteleden dat op tige ferskillende manieren belibje. Foar de ien leit de klam op de ferjouwing fan sûnden. Foar in oar op de mienskip ûnder inoar as leden fan de gemeente fan Kristus.
Foar wer oaren op de oprop ta dielen wrâldwiid, ek mei de minsken dy’t no noch yn letterlike sin honger lije. Ik tink dat al dy aspekten weardefol binne.
Persoanlik belibje ik it fieren fan it hillich miel as in hichtepunt yn de earetsjinst.
En dan yn it foarste plak gewoan âlderwetsk as genede foar de sûndige minske. De fernuvering dat ik der, ek mei myn tekoarten en apartichheden, by hearre mei yn Gods ryk.
Net dat ik leau yn in God dy’t net earder goed op ús wurde kin as Hy moat bloed sjoen hawwe. Mar wol yn de macht fan de selsopofferjende leafde fan Jezus, dy’t de macht fan it kweade oerwint. Ek ús sûnde dy’t de wei nei God foar ús blokkeart.
Mar dat makket ús tagelyk ta in ienheid as gemeenteleden meiïnoar.
Lykas de nôtkerlen ferspraat wiene oer de bergen en gearbrocht binne ta ien brea, lykas in apostolysk geskrift it formulearret.
Susters en bruorren yn ien gesin, roppen om inoar ta stipe te wêzen.
Mar tagelyk ek de ferantwurdlikheid om te behearren ta de foarhoede fan Gods keninkryk, dat mei Jezus’ dea en opstanning begûn is. Brea foar allegearre, net alinne yn geastlike sin, mar ek tige letterlik, materieel. In bettere wrâld dy’t op komst is.
Net as dream fan wrâldfrjemde idealisten, mar as belofte fan God.
In lange tafel dy’t trochrikt troch de tsjerkemuorren hinne, de hele wrâld oer. Der is noch in soad te dwaan!

DE REËLE PRESINSJE
Is de Hear sels werklik presint yn it sakramint?
Willem Barnard seit: ‘Avondmaal vieren is koninkrijkje spelen.’ As in bern mei in pop boartet, sis dan net: ‘Dy pop is in stik plestik en net in echte baby!’ want dat bern wit wol better. Lit ús dan wurde as de bern en fleurich trochgean mei boartsjen.
Dy bôle en dy wyn, dat ìs de Hear!

Hindrik J. Brouwer, Oerterp